We meie wer los!! We binne fansels al in pear wiken dwaande mei it kompetysjekeatsen en no meie we ek wer wedstriden keatse.

Gjin tiid te ferliezen en dus ha we foar sneon 4 july it doarpskeatsen op it programma set. We besykje yn safolle mooglik klassen te keatsen. Jou dy gau op, jong en âlder en we meitsje der mei syn allen wat moais fan!

We begjinne om 10.30 oere. De ynlis foar de jeugd oant 14 jier is € 2 en € 3 foar de senioren.

We moatte op it fjild wol rekken hâlde mei de richtlinen fan it RIVM. Tink om inoar, kom net asto net sûn bist, hâld 1,5 meter ôfstân en waskje wat faker de hannen.

Opjaan kin oant tongersdei 19.00 oere. De jeugd kin harren oanmelde op jeugdkvachlum@hotmail.com . De senioren kinne harren opjaan by Froukje (06-36155575) of Gerrie (06- 43179850).

We meitsje der mei syn allen in moaie fleurige dei fan!
Groetnis bestjoer KV Achlum